24 nov. 2013

Moeska

Frysk/Fries/Frisian

Myn  kat Moeska (dy't ik ek wol as Monsieur Moustache betitelje - oan syn snút kinst dat wol sjen) hâld my selskip as ik oan it wurk bin op de kompjoeter. Hy hat de gewoante om foar myn skerm snoarkje te wollen; hy hâld derfan om dêrby my syn poat op myn keyboard te lizzen. As er de kâns krijt giet er op myn burostoel lizzen, as wie er de baas yn hûs. Seit men net dat katten gjin baas hawwe mar wol personiel? :).  No, dy fan my kin der wat fan. It is in leaf bist, mar wol ien mei in brûksoanwizing. Ha ha.  

Nederlands/Dutch

Mijn kat Moeska (die ik ook wel als Monsieur Moustache betitel -  z'n snoet maakt dat wel duidelijk) houdt mij gezelschap bij het computeren. Hij heeft de gewoonte om vlak voor mijn scherm te gaan snurken; hij houdt ervan om met z'n pootje op mijn keyboard te gaan liggen. Als hij de kans krijgt dan gaat hij op mijn stoel liggen,  net alsof hij de baas in huis is. Zegt men niet dat katten geen baas hebben maar
 wel personeel? Nou, die van mij is er ook zo een :). Het is een lief beest, maar wel eentje met een gebruiksaanwijzing. Ha ha. 

English

My cat Moeska (I sometimes call him Monsieur Moustache - see the marking on his snoot) keeps me company while I'm working on my computer. He 's got the habit of lying down snoring in front of my screen; he likes to have one paw on my keyboard.  If he gets the chance he will occupy my chair, as if he was in charge.  Don't they say cat's have staff, no bosses? Well, my cat is just like that.  I love this cat, but you have to watch your step with him. LOL. 




 Moeska





Hallo!


Frysk/Fries/Frisian

Myn earste blogberjocht! Ik hoopje datsto de lay-out fan myn blogspot moai fynst. It is noch in hiele put om it allegearre yn elkoar te setten! Mei it bloggen fan de kaarten en yllustraasjes dy't ik meitsje hoopje ik mear ûnderfining op the dwaan by it meitsjen fan digitale plaatsjes yn Photoshop en mei de keunst fan it bloggen sels. Al dwaande leart men it dochs wol?


Ik hâld derfan om kreatyf te wêzen mei papier, inkt en stempels. It is noch mar krektlyn dat ik it digital scrapbooking ûntdutsen ha. No ha 'k myn buro net mear sa fol lizzen as oars en dat is winst! Hoera! 


Wêr brûk ik myn blog foar? Ik skriuw hjir oer myn scrapbook kreaasjes mei in 'vintage touch'.  Dêrby sil ik foaral yllustraasjes brûke dy't in relaasje hawwe mei de Fryske kultuer, lânskip en erfgoed. Yn it deistich libben bin ik histoarikus en dwaande mei it ûntwikkeljen fan it Fryske kultuertoerisme; fan dêr dy kar.

Om te begjinnen post ik hjir in âlde foto fan rûnom 1910 (nr. 1). Ik fyn it in prachtig plaatsje, wat ik ûntduts yn in âld fotoalbum dat ik krigen hie as erfskip. Spitich dat der gijn nammen bekend binne fan de famkes op de foto. Witsto mooglik wa't se binne? Jou my dan even in berjochtsje. 
Nr. 2. is in printable op A4 format dy't brûkt wurde mei foar dyn persoanlike scrapbook hantwurk.

Nr. 3. lit sjen hoe't ik de âlde foto fan de famkes brûkt ha yn myn digitale kreaasje. 




Nederlands/Dutch

Mijn eerste blogbericht! Ik hoop dat de lay-out van mijn blogspot je bevalt. Het is nog een hele klus om het een en ander in elkaar te flansen!  Met het bloggen van kaarten en illustraties die ik maak hoop ik meer ervaring op te doen met het maken van digitale illustraties in Photoshop en met de kunst van het bloggen zelf. Al doende leert men het toch wel?


Ik hou ervan om creatief bezig te zijn met papier, inkt en stempels. Pas onlangs heb ik het digitaal scrapbooken ontdekt. Nu ligt mijn buro niet meer zo vol met rommel als gewoonlijk. Hoera!


Waar blog ik over? Ik schrijf hier vooral over mijn scrapbook creaties met een 'vintage touch'.  Daarbij gebruik ik vooral illustraties die een relatie kennen met de Friese cultuur, landschap en erfgoed. In het dagelijks leven ben ik historicus en hou ik mij bezig met het ontwikkelen van het Friese cultuurtoerisme; vandaar die keuze.

Om te beginnen post ik hier een foto van omstreeks 1910. (nr. 1.). Een prachtig plaatje dat ik aantrof in een oud fotoalbum dat ik eens erfde. Jammergenoeg weet ik niet wie de meisjes zijn. Herken jij ze misschien? Stuur me dan even een berichtje. 
Nr. 2. is een printable op A4 formaat die je mag gebruiken voor je persoonlijke scrapbook handwerk. 
In het volgende plaatje (nr. 3.) laat ik zien hoe ik de foto heb ingevoegd in een van mijn digitale creaties.

English

My first post!  I  do hope you like the lay-out of my blogspot. It was not an easy task for me to put all things together! I expect to become more experienced with blogging by posting my handmade cards and illustrations and meanwhile also try to become acquainted with Photoshop Elements for making my digital illustrations.  At least I hope I will learn how to…


I like being creative with paper, ink and stamps. Only recently I discovered digital scrapbooking. Now my desk does n't look as cluttered as before. Hurrah!


Wat are the topics of my blog? I 'm going to write about my scrapbook creations with a 'vintage touch'. I will be using illustrations linked to the Frisian culture, landscape and heritage. In daily life I'm a historian an busy developing Frisian cultural tourism; hence this choice.

Please remember that I'm not a native English speaker, so please be kind to me when I make any bloopers in writing English. :) 


nr.1. Three girls ca. 1910.




nr.2.  Right click to download and print for your own scrapping purposes.  Enjoy scrapping :).


 nr. 3. Made by foarhinne.blogspot.com. Credits to: Far Far Hill; Booland Designs: Large Photomasks Vol: 3, Signature Papers Autumn 6; Star Sung Studio: CU Masked set 1: SKrapper Digitals 2008: Textured Overlays Set for CU; Cari Lopez: CU Megapack CU elements; The Concrete Loft: Reverie.